Tsjerke wol Hagru oernimme

© Omrop Fryslân
De protestânske tsjerke yn Nederlân praat mei softwarebedriuw Hagru út Skearnegoutum oer in mooglike oername. Dat seit direkteur Haagsma. De PKN wurket al fjouwer jier oan in nij lederegistraasje-systeem, mar it projekt komt net fan 'e grûn en hat al miljoenen euro's koste.
De PKN siket in oplossing. In oername fan Hagru is in opsje. Hagru is spesjalisearre yn administraasje-software. In grut tal tsjerken brûkt al in produkt fan Hagru.