Snitser oppakt om mishanneling

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige Snitser is yn de nacht fan sneon op snein troch de plysje oanhâlden omdat er oaren mishannele hawwe soe. De man makke diel út fan in groep manlju dy't foar in kafee rúzje hiene.
Se raasden en triuwden elkoar. De plysje woe eskalaasje foarkomme, mar de man út Snits gie troch. Ek foel hy in plysjeman mei syn hûn oan. Dêrby waard er troch de plysjehûn yn syn earm biten. De man is meinommen nei it plysjeburo.