Fytser(90) oanriden en ferwûne

In 90-jierrige fytser fan Boelensloane is sneontemiddei ferwûne rekke, doe't er yn syn doarp oanriden waard troch in 58-jierrige doarpsgenoat. De man woe it slachtoffer ynhelje mei syn auto en oanhinger. Under it foarby gean rekke de oanhinger de fytser.
De 90-jierrige kaam te fallen en waard ferwûne oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.