Klaverke 4 foar Fenna Zeinstra

Fenna Zeinstra
Troch it winnen fan de Jong Fammepartij yn Mantgum is Fenna Zeinstra fan Boalsert de earste keatster dy't yn it besit is fan it klaverke fjouwer. Zeinstra is de earste dy't ek Ald Meierspartij fan Hitzum, de frouljus bûnspartij en de PC wûn. Ferline jier waard Zeinstra yn Weidum keninginne fan de frouljus PC.
Fenna Zeinstra wûn de Jong Fammepartij mei Jacobien Postma en Feikje Bouwhuis. Boalsert wûn yn de finale mei 5-2 en 6-6 fan Mantgum.