Fryske Marreprojekt klear

It Jeltesleatakwadukt
It Fryske Marreprojekt yn Wymbritseradiel is klear. Goed 52 miljoen euro hat it projekt koste, dat is in fyfde diel fan budzjet dat beskikber is foar de Fryske marren.
Under oare farrûtes binne opknapt en der binne akwadukten oanlein. De ôfsluting fan it Frykse Marreprojekt yn Wymbritseradiel waard sneon de hiele dei wiidweidich fierd. It feest begûn by it Jeltesleatakwadukt, dêr't kommissaris Jorritsma in nij ministrân iepene.