Leechstân driget by tsjerken

Tsjerkepaad 2008
Doarpen sille sels mear en mear opdraaie moatte foar it ynstânhâlden fan tsjerkegebouwen. Keunsthistoarikus Peter_Karstkarel sei dat sneontemoarn yn Grou, by de start fan Tsjerkepaad 2008.
As gefolch fan ûnttsjerkliking en de PKN-fúzje reitsje in soad gebouwen harren funksje kwyt. Fyftich tsjerken ha ûnderwilens in oare bestimming krigen, mear folgje en leechstân driget. Der sil ûndersyk dien wurde nei dizze problematyk.