Jeroen Drost nei Vitesse

Jeroen Drost fan SC Heerenveen wurdt foar it kommende seizoen op 'e nij ferhierd. De 21-jierige linksback giet foar ien jier nei Vitesse yn Arnhem.
Foarich seizoen wie Drost, dy't oant no ta 47 kear yn aksje kaam foar SC Heerenveen, ferhierd oan NEC yn Nijmegen. De transfer fan de Sweed Viktor Elm nei SC Heerenveen is sa goed as rûn. De ûnderhannelings tusken de Fryske club en Kalmar, de club fan Elm, sitte yn de einfase.