Strân en swimbad Grou iepene

© Omrop Fryslân
It strân en it swimbad op de Blikpôle yn Grou binne offisjeel iepene. Wet-hâlder Anne Jochum de Vries en inkele riedsleden sprongen sneontemoarn yn it wetter dat yn iepen ferbining stiet mei it Prinses Margrietkanaal. It wetter is lykwols skjin neffens de GGD en de swimmers hoege ek net bang te wêzen foar de sykte fan Weil.
It strân en in swimplak binne mar tydlik, want der komt in jachthaven op dat plak. It nije swimplak komt op it Bird by Grou.