Twa ferwûne fytsers op Skylge

© Omrop Fryslân
By in botsing tusken twa groepen fytsers op Skylge binne freedtejûn twa jonges ferwûne rekke. De groepen rieden op de Hoofdwei op West-Skylge op elkoar yn. Se hiene elkoar nei alle gedachten net sjoen, omdat se gjin ljocht op de fyts hiene.
It iene slachtoffers rekke by de fal út de tiid en is nei de hûsartsepost op it eilân brocht. It oare slachtoffer koe troch ambulânsepersoniel holpen wurde op it plak fan it ûngelok.