Famke (16) ferwûne yn Drachten

In 16-jierrich famke út De Wylgen is freed yn Drachten ferwûne rekke by in ûngelok. Se waard op har brommer oanriden troch in frou yn in auto. Dy hie har oer de holle sjoen doe't se ôfdraaide.
It famke foel mei de brommer en is mei ûnbekende ferwûnings yn de ambulânse nei it sikehûs brocht.