Westra de sterkste yn Mearum

© Omrop Fryslân
Jan Hendrik Westra fan Oerterp wûn freedtejûn yn it Grinslanner Mearum de 5de etappe fan de Wielermeerdaagse fan it Noordenveld-Westerkwartier. Westra naaide yn it lêst oan út mei syn plakgenoat Engbert de Vegt. Westra wie úteinlik de sterkste en De Vegt moast genoegen nimme mei it twadde plak.
Sneontejûn is yn De Wylp de lêste etappe yn dizze Meerdaagse. Yn it algemien klassemint steane de Friezen noch hieltyd oan kop. Sierd Steigenga fan Eksmoarre stiet earste.