Jan Charisius (81) ferstoarn

Jan Charisius (81) ferstoarn
Op syn fakânsje yn Noarwegen is âld-reedrider en KNSB-bestjoerder Jan Charisius tongersdei op 81-jierrige leeftyd ferstoarn. Charisius die as reedrider mei oan de Olympyske Spelen yn 1952 en waard tredde by de alvestêdetocht yn 1954.
Dêrnei wie Charisius tsientallen jierren aktyf as bestjoerder yn it reedridersbûn KNSB. Hy wie ek belutsen by it ynternasjonale reedridersbûn. Fierder wie er twa kear chef d'équipe fan de Olympyske Ploech.