Fryske lânskippen yn kanon

Der is in kanon fan it Nederlânske lânskip. Foar de kanon koene alle provinsjes tsien lânskippen foardrage. In kommisje hat sechstich lânskippen selektearre. De lânskippen binne te sjen yn Apeldoarn op in manifestaasje oer kultuer, tún en lânskip.
De lânskippen binne fêstlein troch arsjitekt Henk_van_Blerck en fotograaf Michiel_Pothoff. Der binne seis Fryske lânskippen by fan ûnder oare de Waadsee, Twizel, Gaasterlân en Lauwersmar.