Ultimatum foar ljedderfabryk

© Omrop Fryslân
Fakbûn CNV hat Centrum, dêr't ljedders en stegers boud wurde, in ultimatum steld. It fabryk op It Hearrenfean moat foar oare wike freed 40.000 euro achterstallich lean útbetelje oan fjouwer wurknimmers.
Neffens it fakbûn hâldt it fabryk him al jierren net oan de cao. Boppedat soe lean ynhâlden wêze fan minsken dy't har siik melden hawwe. De direkteur hat sein dat de saak fallyt giet as de claim fan it fakbûn trochset wurdt.