Keunstners tsjin plan minister

Njoggen Ljouwerter keunstners stean te keap. Sa protestearje se tsjin de kultuerplannen fan minister Plasterk. Dy wol de subsydzje feroarje en dêrtroch komt it ynkommen fan byldzjend keunstners ûnder druk te stean. Begjinnende keunstners soene de dupe wurde fan de plannen.
De keunstners binne as protest om bar oan it wurk yn de etalaazje fan de gallery fan de aksjefierende keunstner Ton_Aartsen yn Ljouwert. De aksje sil in pear wiken duorje.