Sânbultsjes mei boartersguod

De lêste dagen binne op tal fan plakken yn Ljouwert heimsinnige sânbultsjes mei buortersguod fûn. It docht bliken dat it giet om in aksje fan de ´Aksjegroep Speel´ fan trije Ljouwerter studinten.
De studinten wolle mei de sânbultsjes oandacht lûke foar it bûten boartsjen. Neffens de studinten binne der benammen yn de stêd te folle bern dy´t hast net bûten boartsje. Sy fine dat âlders derfoar soargje moatte dat bern faker nei bûten gean.