Undersyk nei TBC yn Wytmarsum

By in frou út Wytmarsum is in besmetlike foarm fan TBC fûn. De 39-jierrige frou is ûnder behanneling foar de sykte.
GGD Fryslân ûndersiket dizze wike minsken út de omjouwing fan de frou, om te sjen oft dy ek besmet binne. Mochten minsken mei fakânsje wêze, dan hoecht dat neffens de GGD gjin probleem te wêzen. In pear wike útstel smyt gjin gefaar op foar de sûnens.