Beam út 1850 yn gefaar

De beam fan 1850
De sloop en nijbou fan in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean driget in beam út 1850 de kop te kostjen. De brune boek is al wat tûken kwytrekke by it sloopwurk. De gemeente grypt yn. As der wer wat bart, kostet it de eigner fan de beam 5.000 euro. As de beam hielendal deagiet, wurdt der in twangsom fan 39.000 euro oplein.
It is foar de twadde kear yn tritich jier dat de gemeente sa fier giet om in beam te behâlden.