Bettere sifers foar Arriva

Reizgers binne better te sprekken oer ferfiersbedriuw Arriva. Foar de ôfhanneling fan de klachten jouwe de reizgers no in 7,8. Ferline jier wie dat noch in 5. Foar it op tiid riden fan de treinen joech de reizger Arriva yn 2007 in 5,5. No is dat in 6,9.
De sifers binne ôfkomstich út in eigen ûndersyk fan it ferfiersbedriuw dat hâlden waard nei oanlieding fan in tal ferbetteringen dy't Arriva ein ferline jier trochfierd hat.