Kontrôle Boarnwert: 11 boetes

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in ferkearskontrôle hâlden oan de Hiausterdyk yn Boarnwert nei klachten út ´e buert. Om´t wurke wurdt oan ´e Hantumerwei, wurdt de Hiausterdyk brûkt. Sechstich kilometer is dêr it maksimum.
By de kontrôle binne alve minsken op ´e bon slingere dy´t hurder rieden as 90 kilometer yn ´e oere. De rapste gong goed 110 kilometer yn ´e oere.