Hynder op ´e rin yn Bakkefean

© Omrop Fryslân
In 72-jierrige man fan Sânhúzen is woansdei ferwûne rekke neidat syn hynder op ´e rin slein wie. Dat barde op de Lange_Singel yn Bakkefean.
De koetsier fan it hynder mei wein hie krekt syn passazjiers ôfset. Doe´t er it hynder yn it skaad sette soe, sloech it bist op ´e rin. De man waard dêrby in pear meter meilutsen. Hy rekke ferwûne en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.