Friesinger swier blessearre

Friesinger kin earst net reedride
Reedrydster Anni Friesinger is by in fytsûngelok swier blesseard rekke oan 'e knibbel. De freondinne fan Ids Postma is operearre, mar mei it gewricht de kommende twa wiken net bewege. Dêrnei sil se lang revalidearje moatte en moat se mooglik de earste wedstriden yn novimber sitte litte.
Neffens har dokter moat se by de wichtichste toernoaien wer topfit wêze.