Nij kangoeroe-eilân yn Aquazoo

Julie Bonnema iepene it kangeroe-eilân
Aquazoo yn Ljouwert hat der wer wat nijs by. It giet om in kangoeroe-eilân. Dêr binne de lytste en de grutste kangoeroes fan 'e wrâld te sjen. Dat binne de parmawalibi-kangoeroe en de grize reuzekangoeroe. Ek de moeraswalibi kinne je dêr tsjinkomme.
Kangeroe-eilân is it earste plak yn Nederlân der't je losrinnende kangoeroes sjen kinne. De nije útwreiding fan Aquazoo waard tiisdeitemiddei iepene.