Feenstra op plak fan Wassenaar

Marten Feenstra
Keatser Marten_Feenstra nimt takom jier it plak oer fan Chris_Wassenaar yn it súksespartoer mei Rutmer van der Meer en Jacob_Wassenaar. Chris hâldt der nei dit seizoen mei op.
Omdat Chris_Wassenaar, Simon Minnesma, Klaas_Berkepas en Tjitte Bonnema nei dit seizoen allegearre ophâlde komt de formaasjekarrûsel al betiid op gong. Feenstra keatst dit seizoen mei Simon_Minnesma en Hylke_Bruinsma. Bruinsma moat sadwaande op syk nei twa nije maten foar it kommende seizoen.