Nynke Van Hichtum op webside

De webside Het geheugen van Nederland
Op de webside Het geheugen van Nederland is fan dizze wike ôf in grutte kolleksje oer it libben en wurk fan Nynke_van_Hichtum te finen. Op de side kinne ûnder oare persoanlike brieven fan de Fryske skriuwster besjoen wurde. Ek stiet der in grut ferskaat oan foto's op. Nynke_van_Hichtum, pseudonym fan Sjoukje_Bokma_de_Boer, is benammen bekend fan it boek 'De tsien fan Martens Afke', mar hat dêrneist noch tsientallen oare boeken skreaun.