Fryske walfiskjacht yn kánon

© Omrop Fryslân
De walfiskjagers fan Fryslân hawwe in plakje krigen yn de saneamde ´Canon der Provinciën´ fan radioprogramma Plein 5. Yn de kánon is fan alle provinsjes in histoarysk barren te finen, dat neffens de harkers fan it programma sprekkend is foar de lokale skiednis. Foar elke provinsje koe keazen wurde út fjouwer ûnderwerpen.
Neist de walfiskjacht koene de harkers foar Fryslân kieze foar premier P.S._Gerbrandy en de ûntwikkeling fan it jirpelras bintsje.