Fryske ynbring Verzorgde Boek

De stifting Best_Verzorgde_Boek hat yn de lêste wike fan juny de 33 bêst fersoarge boeken fan 2007 bekendmakke. Oan ien fan de boeken hat ek in Fries meiwurke: Teus_de_Jong fan Nij_Beets.
It giet om in útjefte fan útjouwer Athenaeum dy´t ´de 100 bêste boeken út de wrâldliteratuer´ yn dielen opnij útbringt. De vernuftige edelman Don Quichot van La Mancha fan Miguel Cervantes is diel 1 út dy searje. Teus_de_Jong mei de folgjende 99 dielen ek dwaan, sa is it doel.