Oplichting op It Amelân

© Omrop Fryslân
Seker acht húshâldens dy't graach op fakânsje woene op it Amelân, binne foar 9000 euro oplicht troch in echtpear út Alde_Pekela yn Grinslân. It echtpear sette fakansjehúskes op Marktplaats te hier. Minsken dy't in húske hiere woene, moasten foarút betelje.
Flak foar har fakansje krigen se oer de e-mail te hearren dat se net yn har húske koene. De sinten krigen se net werom. Troch it rekkennûmer koe de plysje it echtpear efterhelje.