Caravanbrân yn Ousternijegea

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige man fan Ousternijegea is sneintejûn ferwûne rekke by in brân yn syn caravan. De caravan stie op in camping oan de Jetze_Veldstrawei yn Ousternijegea. Doe´t de brânwacht kaam wie de caravan al hast folslein útbaarnd.
De man stie ûnder de dûs om ôf te kuoljen. Om´t er oer mear as 20 persint fan syn lichem brânferwûnings hie, is er nei it brânwûnesintrum yn Grins oerbrocht.