Greunsbrêge ticht foar skippen

© Omrop Fryslân
De Greunsbrêge yn Ljouwert is moandei fan 06.00 oere ôf foar 24 oeren ticht foar de skipfeart. De Greunsbrêge giet oer de Wide Greuns. Dizze brêge ferbynt de Aldlânsdyk mei yndustryterrein De Himrik.
De Ljouwerter jachthaven en Koopmans moalfabryk binne moandei net mei de boat te berikken. It skipfeartferkear kin fia de westkant de stêd binnen farre. Der wurde wurksumheden útfierd oan it hydraulyske part fan it remwurk op de oandriuwing fan de brêge.