Tsjûgen socht fan oerfal

© Omrop Fryslân
De plysje siket minsken dy´t mear wite fan de oerfal, freed op in winkel yn Jorwert. Dêrby namen fjouwer manlju yn in reade auto de klûs út de winkel mei.
Doe´t trije fan de fjouwer nei in syktocht letter op de jûn oanhâlden waarden by in kamping by De_Potten, siet de klûs net mear yn de auto. De plysje siket no minsken dy´t sjoen ha dat de manlju de klûs ûnderweis út de auto set ha. Ek nei de fjirde fertochte wurdt noch hieltyd socht.