Solar: panielen mooglik lytser

© Omrop Fryslân
Boaten dy´t meidogge oan de Frisian_Solar_Challenge meie yn de takomst mooglik minder grutte sinnepanielen ha. De organisaasje wol de race sa feilich hâlde. By de edysje fan de ôfrûne wike lei de snelheid troch de grutte sinnepanielen soms sa heech, dat de feiligens der hast by yn skeat.
De organisaasje is fierder tefreden oer it ferrin fan de race. Yn fergelyk mei de earste edysje yn 2006 stie der mear publyk lâns de kant.