TU Delft wint Solar Challenge
De boat fan de TU Delft is sneon as earste oer de finish kaam fan de Frisian Solar Challenge. De boat hie 12 oeren, 47 minuten en 5 sekonden nedich om de rûte de alve stêden bydel ôf te lizzen. De TU Delft is dêrmei winner wurden yn de C-klasse.
Yn de A-klasse wûn it Hanze Solar Team út Grins, yn de B-klasse wie dat it BOB Solarteam út Drachten. De Solar Challenge sette moandei út ein yn Ljouwert en eindige dêr sneontemiddei ek wer.