Promoasjeteam yn Westergosône

It toerisme yn de Westergosône tusken Ljouwert en Harns wurdt ynkoarten oan de man brocht troch in promoasjeteam. Dat sil yn in grutte trailer troch hiel Nederlân ride. It idee komt fan Marjan Middelkoop fan in rûnfeartbedriuw yn Ritsumasyl.
De plannen wurde yn gearwurking mei it bestjoer fan de Westergosône, studinten fan de NHL, Stenden University en tolve ûndernimmers útwurke. It ministearje fan Underwiis hat 300.000 euro beskikber steld.