Smookfeesten no't it noch kin

Fan tiisdei 1 july ôf mei der yn de hoareka net mear smookt wurde. Dat hat laat ta in grut tal smookfeesten op dizze lêste dagen dat it noch kin. By jongereinsintrum en poppoadium MIX yn Wolvegea spilen freedtejûn fergees bands en waarden der jiskebakken feild.
De opbringst gong nei in goed doel. De measte hoareka-ûndernimmers yn Fryslân binne noch net klear foar it smookferbod. In protte kroegbazen hawwe noch gjin maatregels troffen, lykas it ynrjochtsjen fan in smookhok.