Akkoart nije sportfjilden Grou

Boargemaster Schadd set har hanteken
De ferpleatsing fan 'e fuotbalfjilden, it kuorbalfjild en de tennisbanen fan de Nesserdyk nei in nij kompleks oan de A32 by Grou kin net mear misgean.
Dat tinke de gemeente Boarnsterhim en de belutsen sportklups. Freed hawwe se mei-inoar in oerienkomst tekene. Oer de ferpleatsing fan 'e sportfjilden fan de Nesserdyk is 10 jier praat. Yn septimber moat de gemeenteried formeel noch in beslút nimme. Op it âlde baggerdepot by Grou komme de nije fuotbalfjilden.