Ien NHL-boat út sinneboatrace

© Omrop Fryslân
De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert docht noch mar mei ien boat mei oan de Frisian Solar Challenge. It team dat no útfallen is hie earder yn 'e wike ek al in tal kearen maleur mei harren boat. Sa fleagen se snein troch de wyn oer de kop en dat wie ek tongersdei it gefal.
De boaten dy't noch wol farre binne freedtemoarn om alve oere yn Frjentsjer oan de rûte fan freed begûn. Dy rint oer Bartlehiem nei Dokkum.