'Bloktiden' foar auto's Flylân

De Doarpsstrjitte fan Flylân
De iennichste winkelstrjitte fan Flylân, de Doarpsstrjitte, is de kommende twa moannen hast folslein ôfsletten foar autoferkear. De Doarpstrjitte is simmerdeis grôtfol toeristen, auto's soargje allinich mar foar oerlêst. De winkeliers binne net bliid. It wurdt sa dreger om nije produkten binnen te krijen. Ek taksybedriuwen ferwachtsje problemen.
Dochs wie it neffens wethâlder Wim Gieles hurd nedich om dy maatregel te nimmen.