Emosjonele jûn yn De Blesse

De spesjale byienkomst nei oanlieding fan de gewelddiedige dea fan Ida Klijnstra fan De Blesse ferrûn tongersdeitejûn emosjoneel. Der kamen goed 40 buertbewenners ôf op de gearkomste yn it gemeentehûs yn Wolvegea. De buert is benaud en hie wol ferlet fan útlis fan de plysje.
Slachtofferhelp wie der ek by oanwêzich en guon minsken hawwe dêr ek gebrûk fan makke. Sa gau't de dieder fûn is, wol de gemeente wêr in byienkomst hâlde.