Start sinneboatrace útsteld

© Omrop Fryslân
De start fan de fiifde etappe fan de sinneboatrace is útsteld. Dit komt omdat de kraan mei dizze hurde wyn de boaten net yn it wetter krijt. Om 9 oere soene de boaten yn Frjentsjer starte foar de langste en swierste etappe nei Dokkum.
De dielnimmers moatte twa kear klune en wer starte yn Bartlehiem. De fertraging komt dêrom min út. De organisaasje besjocht no de mooglikheden om de kraan op in oar plak yn Frjentsjer del te setten.