Littens en Berltsum yn finale

Winsum tsjin Berltsum
Easterlittens en Berltsum binne lykas ferline jier de finalisten op it 10e Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Easterlittens wûn hiel maklik fan Weidum. It waard 8-0.
De oare heale finale tusken Winsum en Berltsum begûn mei in protte spanning. De earste buordsjes waarden ferkeatst op 40-40. Nei in 3-1 foarsprong foar Berltsum waard it noch twa kear 40-40, mar beide kearen gong it spul nei de regearjend kampioen. Berltsum wûn mei 8-1. Freed om 19.30 oere is de finale.