Ekstra kontrôles natuer Skylge

De boskwachters fan Staatsbosbeheer op Skylge kontrolearje de kommende dagen stranger harren natuergebieten. Grutste oanlieding is dat der dizze wike twa kear brân wie op it eilân. Moandei koe de bemanning fan fjoertoer De Brandaris foarkomme dat der in grutte boskbrân ûntstie by West-Skylge. En tongersdei wie der brân tichtby in kamping op it eilân.
Staatsbosbeheer tinkt dat de brantsjes oanstutsen binne en wol mei de droechte gjin inkeld risiko nimme.