Oerlis oer oername Shipdock

De fakbûnen sille de oername fan skipsreparaasjewerf Shipdock yn Harns troch Damen Shipyards kritysk folgje. Tongersdei hawwe de fakbûnen mei de ûndernimmingsried en personiel praat oer de oername.
It personiel wachtet ôf wat der gebeure sil. De werf is yn it ferline wol faker oernaam. Nije wike krije de bûnen en de ûndernimmingsried antwurd op tal fan fragen dy't sy steld hawwe. By Shipdock Harns wurkje 50 minsken,