Strawelte op Wâldrockfestival

In echte parsekonferinsje by Strawelte.
Nei achttjin jier komt der in jubileumtoer fan de willepunkband Strawelte. It giet om fjouwer optredens, mei de ôftraap op it Wâldrockfestival yn Burgum op sneon 5 july.
It nijs waard tongersdei op in echte parsekonferinsje yn Ljouwert bekendmakke. Nei it optreden op Wâldrock sil Strawelte yn novimber en desimber noch spylje yn Drachten, Dokkum en Ljouwert.