Gearwurking Cambuur en Orca

© Omrop Fryslân
Swimferiening Orca út Ljouwert en SC_Cambuur gean mei yngong fan it nije seizoen in gearwurkingsferbân oan. De swimferiening kin dêrtroch gebrûk meitsje fan de fasiliteiten en kennis fan de fuotbalclub. Dêrmei wol Orca it swimmen en it wetterpolo yn Ljouwert op in heger nivo bringe.
Neffens Cambuurdirekteur Alex_Pama past de gearwurking by syn doel om Cambuur bekender te meitsjen yn ´e regio.