Winsum en Berltsum fierder

Winsum en Berltsum keatsten har woansdeitejûn yn ´e heale finale fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens. Winsum hie it hielendal net dreech tsjin Ljouwert, it waard 8-0 foar de Winsumers. Berltsum hie mear wurk tsjin Wytmarsum. It waard 8-6, de lêste slach foel op 7-6 en 40-0.
De heale-finalepartijen op tongersdeitejûn sjogge der sa út: Weidum tsjin Easterlittens en Winsum tsjin Berltsum.