Oanriding yn Bitgummole

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige frou út Menaam is tiisdei ferwûne rekke nei´t se mei har auto op in oare auto klapt is. De frou ried op de Langestrjitte yn Bitgummole doe´t se troch ûnbekende oarsaak op de ferkearde kant fan de dyk bedarre. Op dat stik ried in 23-jierrige automobilist út Berltsum dy´t de frou net mear ûntwike koe.
De frou is mei ferwûnings oan har skouder nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. De man rekke net ferwûne.