Benefyt foar sike Joris

© Omrop Fryslân
Tûzenen minsken kamen tiisdeitejûn op in benefytkonsert fan it duo Nick en Simon. De jûn yn Drachten wie bedoeld om jild yn te sammeljen foar it sike jonkje Joris_Prent (3). Foar it optreden fan de Foalendammers moast likegoed gewoan betelle wurde, want it duo woe net fergees meiwurkje.
Joris hat de seldsume stofwikselingssykte tyrosinemy. Syn mem Annelies_Prent wol 100.000 euro ynsammelje foar wittenskiplik ûndersyk nei de ûnbekende sykte.