Woansdei seksje deade frou

De Blesse (foto Jilmer Postma)
Der wurdt woansdei nei alle gedachten seksje dien op it lichem fan de frou (52), dy´t moandei dea fûn waard yn De_Blesse. De plysje lit in team fan tritich resjersjeurs de dea fan de frou ûndersykje. Dat wurdt dien omdat der oanwizings binne dat de frou troch in misdriuw om it libben kaam is. Wat dy oanwizings binne, wol de plysje noch net bekendmeitsje.
Yn De_Blesse soe it kommend wykein in doarpsfeest hâlden wurde. It is noch net bekend oft dat trochgiet.