TU Delft bêste by sinneboaten

© Omrop Fryslân
De Technyske Universiteit Delft hat moandei de earste etappe by de Frisian Solar Challenge wûn. De sinneboat hie goed oardel oere wurk om fan Ljouwert nei Snits ta te farren. Twadde waard de sinneboat fan Growrings Energy út Maasdam.
De solarrace begûn letter troch de hurde wyn. Tiisdei moatte de goed fjirtich sinneboaten fan Snits nei Starum farre. Yn totaal steane der seis etappes op it programma. De lêste is sneon, fan Dokkum nei Ljouwert.